Fryske oersetting

Sa’t jo tinklik witte fan it nijs is der al fjouwer lange jierren in boargeroarloch geande yn it easten fan Oekraine. In ferskriklike trageedzje mei lykas meastentiids foaral slachtoffers ûnder de boargerbefolking.

It binne de gewoane minsken hjirre, dy’t slachtoffer binne fan dizze ferskriklike oarloch. Hja hawwe troch dizze oarloch de helte fan har ynkommen of har pinsioenen ferdwinen sjoen, binne har besittings kwytrekke en hawwe sjoen hoe’t húshâldings en famyljes ferskuord binne, in soad fan harren hawwe (meestentiids sûnder it te wollen) fjochtsje moatten foar de ferdigening fan har leaven, en binne skeind foar  de rest fan har libben, de measten wienen foar de oarloch boargers lykas jo, mânlju, froulju en bern. Heiten en memmen mei in gewoanebaan dy’t besochten wat fan it libben te meitsjen.

Wy wolle de minsken hjir helpe, mar net allinnich mei it jaan fan jild of guod. It mei gjin boaiemleaze put wurde, want dat kinne wy elke moanne wol in oprop foar donaasjes dwaan. Wat wy wolle is in projekt opsette dat himsels ûnderhâlde kin. It ôfrûne jier hawwe wy goed om ús hinne sjoen nei de mooglikheden hjir yn Donetsk nei produkten dy’t hjir pleatslik oanwêzich binne en dy’t bydrage kinne soenen oan de pleatslike ekonomy en wurkgelegenheid.

 

Lykas der yn Nederlân oeral in soad kastanjebeammen binne, beammen dêr’t jo yn de regel neat oan hawwe wat de wearde foar it iten oanbelanget, sa steane hjir yn Donetsk noch wol mear walnutebeammen. It is dat se sa grut binne oars soest deroer stroffelje. Beammen dy’t jierliks ûngefear 20 kilo fan de hearlikste walnuten produsearje, suver biologysk en sûnder dong, gewoan yn it wyld.

Der is hjir in oerfloed oan walnuten, dy’t in positive bydrage leverje kinne yn de foarm fan eksport nei
Ruslân.
Troch it ôfnimmen fan de walnuten oan de minsken oan te bieden skeppe wy foar har de direkte mooglikheid om in lyts mar wolkom ynkommen te generearjen. De marzjes dy’t tusken ynkeap en ferkeap sitte binne rom genôch sadat wy hjirmei nije projekten opstarte kinne, dêr’t dan gjin ynsamling as dizze mear foar nedich is. Somliken yn de foarm fan humanitêre help en oare as herynvestearringspojekten.

Om dit te realisearjen moatte der lykwols kosten makke wurde lykas foar de hier fan romtes foar it droegjen en ferpakken fan de nuten, de dokuminten foar de eksport nei Ruslân, en ek it transport sels, en der sil genôch jild wêze moatte om de minsken dy’t derop út gean om walnuten te fandeljen kontant per kilo ôfrekkenje te kinnen.

Fanôf ein septimber oant healwei oktober sille de nuten fan de beammen falle, wat dus ynhâldt dat wy sawat twa en in heale moanne hawwe om alles ta te rieden, wy freegje it omtinken fan de minsken hjirfoar mei flyers yn it Russysk, dat se de nuten dy’t se fine by ús ferkeapje kinne, wêrnei’t wy se droegje sille en pelle litte om se dêrnei yn te pakken foar transport nei Ruslân.

De fuortgong fan dit alles sil oan de hân fan foto´s en artikels op de webside te folgjen wêze. De kontakten binne der mei it ministeary fan ekonomyske ûntwikkeling om dit projekt slagje litte te kinnen. Eksport fan walnuten en oare produkten nei Ruslân is mooglik, it iennichste wat net nei Ruslân eksportearre wurde mei fanút de DPR binne fleisprodukten.

De minsken hjir hawwe jo help nedich, mei syn allen kinne wy sjen litte dat wy it net mei de sanksjes iens binne, mei syn allen kinne wy sjen litte dat wy dizze oarloch net stypje. Mei syn allen kinne wy sjen litte dat dizze oarloch ophâlde moat.

Wolle jo dizze minsken helpe, wolle jo dan in bydrage leverje ta it stopsetten fan dizze sinleaze oarloch, stypje dan ús projekt mei in donaasje op ús webside